De krukken fan Klaes

Boalsert Hearen 2 – Far Ut Hearen 2

Sa healwei achten yn ‘e joen ryd de prifeeauto fan ‘e CEO fan Scheepsmotoren Heech foar. Klaes Kruk sit foaryn en hat ondanks dat ‘r swier blesseart is alwer ’t heechste wurd. Mei Kingma, Hofman en Yntema op ‘e achterbank wurdt ‘r freege: ‘Sitte de krukken achteryn?’ … Ja, de krukken sit achteryn. Earst noch efkes by it besiinestasjon lans om de bann’n op te pompen. En dan op nei Boalsert. ‘Wat bin jim stil’, seit Klaes. ‘Soene wedstriidspanning’, is us antwurd. Yn Boalsert oankomm’n riide we earst ferkeard en komme ut by een bejaerdentehuus. Achterau besjoen wie dit miskiin wol ’t goeie adres … mar dat is achterau.

En probearje dan mar wer ris een sterke dochs sosjaele beginopstelling te meitsjen. Mar de opstellingsbriefkes bin fut. Foariche wike kwiitrekke yn Koudum tiidens ’t ‘swipeslachinsident’. Ik wiis Klaes oan as ferfangende coach. De earste set begint en binn’n trye minuten stean we 7 punten achter … time out. Coach seit: ‘D’r sit wol mear yn!’ Ferfolchens krye we de iene nei de oare bol om ‘e earen: 25-17.

Yn ‘e twadde set pakt ’t senario net folle oars uut. We wurde finael futserfeard, de iene ketser nei de oare … en hjir en der wurdt ek al ris een bytsje flokt. ‘Restich bliuwe!’ seit Grutte Klaas … ‘Ik bin gfrnjdhmme restich …’, skreauw ik werom. Time out. ‘D’r sit echt wol mear yn!’ seit de coach. Ik sil gjin namm’n njemme mar op De Groot, Eringa en Habing nei sakket sa’n bytsje eltsenien finael troch ’t iis: 25-17.

Tredde set … ik doar ’t hast net te fertell’n. D’r siet miskiin wol mear yn … mar ’t kaem ‘r net uut. De Haas presteeart ’t om dizze set presiis gelyk te eindigjen as de twadde: hy stoart foaroer op syn kolossaele knibbels en passt de bal as een streep ’t net yn … 25-17.

Siifers liege net. Us treener least se no op ‘e websiide. Sil we woansdeitejoun wol wer moai op uus soademiiter krye. Gerbrandy net … dy is blesseart.

Johannes Yntema