Elts mei in goed gefoel nei hȗs ta

Ȏfrȗne freet te jȗn mochten we tsjin NOK follyballe. Moaie tiid, sa rȗn heal wei njoggen.Dat wie de bedoeling. Mar it begȗn al (net) goed, de NOK spylers hienen de shirtsjes fergetten. We moasten dus lang ynspylje.  Derom binne we earst mar in setsje tsjin elkoar spyljen gien, om wat waarm te bliuwen.

Us coach Marijke fȗn dit mar sa sa, want sy tocht dat we dan net genoch ynhald mear foar de wedstriid oer hawwe soenen. Dit wie neffens us net oan  de oarder en we ha noflik wat troch spyle.

Nei in heal ȗre wie it dan safier en koe de wedstriid begjinne. It gie foar FAR UT as in trein. Op tiid blokten we en sloechen we har de ballen om de earen. Al rap wie it dien mei de earste set. 1-0 foar.

De twadde set stie praktisch in nei team binnen de lynen, want we wienen mei syn tsienen en ien op  de tribune (ja, it eartse is populêr). Hawar, ek no wie de start pȗr best. Mar nei 3 punten kamen der dochs wat konsintraasje problemen, dat it gie fjirders mar stroef. Op ‘t lest stienen we serieus efter en ik begȗn mij stikem ȏf te freegjen dat de coach miskien dochs gelyk krije soe. Is it dan no al klear mei us konditie? It woe mei net oan, mar we ferleren dochs. Jammer!

Dan de tredde set mar wer. Dit gie lang hin en wer. It wie dus spannend oan it 20 ste punt ta. Doe briek der wat bij NOK. In “rekke” bal waard net sjoen troch de skiedsrjochter (oars ȗnberispelijk fluite) en it punt gie nei FAR UT. Dernei ha se net folle mear uthelje kinnen oan de NOK side en ha wij de set pakt. 2-1 wȗn. Dermei wie it follybaljen klear. Ha we nei de tiid noch restich ien dronken en NOK noch traktearre op in patatsje. Gie elts dochs noch mei in goed gefoel nei hȗs ta.

HEREN2-07

Jo ferslachjouwer Klaes