Johannes Yntema

PositionMidaanvaller
Nummer11

Foar in potsje ‘foljebal’ kinst my midden yn ‘e nacht wekker meitsje. Mar je mutte dan net frjemd opsjen dat jo in draei om ‘e earen krye. Ik bin de jongste ek net mear!

Myn earste perioade by Far Ut wie fan 1978 oan ’t 1988. Wat my der ’t meast fan by bleaun is, is ’t neisitten yn it doarpshús. Nei útstapkes yn Drachten en Grins bin ik yn 2001 weromkommen by Far Ut. Earst by Hearen 1 oan ’t 2006 en dernei by Hearen 2 oan ’t no ta. Hearen 2 spilet nammentlik de túswedstriiden yn us eigen doarpshús en ik fyn ’t tige noflik om der nei de wedstriid efkes nei te sitten mei een friske en in ‘smoek praetsje’. Of hie ‘k dat al ferteld? Ik wurd alder.

Sa no en dan traktear ik op een salt hjerrinkje.

Social media & sharing icons powered by UltimatelySocial